Hiel Harns krijt parkearfinjet

13 maaie 2013 - 12:04
  • De Harnzer fearboatterminal fan Rederij Doeksen

Toeristen nei Flylân en Skylge kinne har auto ynkoarten net mear kwyt yn de wenwiken fan Harns, Winaam of Mullum. Dat wurdt ferbean troch de gemeente. Doel is om noch dizze simmer in parkearfinjet foar de hiele gemeente yn te fieren.

Langparkeare kin dan allinnich noch op parkearterreinen en dy binne net fergees. De gemeente wol in parkeardek op it Tjerk Hiddesparkearterrein bouwe om de kapasiteit te ferdûbeljen. It eilanner autoblik soarget simmerdeis altyd foar in soad oerlêst yn Harns. Auto's wurde oeral delset omdat it fergees is.

It finjet giet op 1 augustus yn. Mei yngong fan dy dei geane toeristen dy't yn de wenwiken parkeare op de bon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)