Hiel Fryslân mei sunich ljocht

06 apr 2011 - 22:05
  • Anja Haga fan de ChristenUnie

De steatekommisje lân, loft en wetter hat woansdei posityf reagearre op it idee fan de ChristenUnie om yn 'e mande mei de gemeenten te stribjen nei safolle mooglik enerzjysunige strjitferljochting.

De ChristenUnie wol mei de gemeenten neitinke oer sokke ferljochting en in konvenant ôfslute om saken safolle mooglik mei-elkoar te dwaan. Provinsjale steaten prate op 20 april oer dit ûnderwerp, dat fia in moasje oan de oarder komme sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)