Hidde (13) VIP by Hearrenfean

04 apr 2014 - 11:55
  • Hidde (links) is foar SC Hearrenfean, syn broer Abe (rjochts) foar SC Cambuur

Hidde Winters (13) fan De Lemmer giet sneon foar it alderearst nei in wedstriid fan syn favorite klup SC Hearrenfean, dat thús spilet tsjin PSV. De reboelje fan ôfrûne wike oer de oerstap fan trainer Dwight Lodeweges fan Cambuur nei de konkurrint is de oanlieding foar de VIP-besite oan it Abe Lenstrastadion. Hidde syn heit Henk en broer Abe (15) binne echte Cambuurfans.

Fanwege de rivalititeit tusken de fuotbalklups kaam de famylje mei in artikel yn moarnskrante de Telegraaf. SC Hearrenfean seach dat en noege harren út.

Mem Hetty reagearre lykas Hidde entûsjast. De Cambuur-mannen gean mei de nedige tsjinsin mei, want oerstappe nei de rivaal dogge se nea, sizze se.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)