H'fean:sportmedysk sintrum los

10 maaie 2011 - 14:20
  • Sikehûs De Tjongerschans op It Hearrenfean

Yn sikehûs de Tjongerschans op It Hearrenfean is in sportmedysk ekspertizesintrum útein set. Yn it sintrum wurdt kennis en ûnderfining oer sportgenêskunde bondele. Ferskate spesjalisten binne yn it sintrum om topsporters fan SC Hearrenfean en Jong Oranje te begelieden. Alle moderne fasiliteiten binne dêrfoar oanwêzich.

Op De Lemmer sit in dependânse fan it sintrum. Dêr rjochtsje se har op de amateursporters, foaral op it mêd fan winter-, berch- en wettersport.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)