H'fean:groei troch gearwurking

24 nov 2008 - 16:53

Sikehûs De Tsjongerskâns hopet yn de kommende jierren op in flinke groei troch mear gear te wurkjen mei it MCL yn Ljouwert. Dy groei sit him fral yn it ekstra soarchoanbod dat De Tsjongerskâns sa hopet te krijen.

Moandei makken MCL en De Tsjongerskâns bekend mei in ûndersyk te kommen nei fierder oparbeidzjen. Mooglik sil dit sels ta in fúzje tusken de sikehuzen liede. Al hopet foarsitter Beijers fan de ried fan bestjoer fan Tsjongerskâns dat it sa fier net hoecht te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)