H'fean yn noed oer ammoniak

15 apr 2003 - 00:00

In mearderheid fan de riedsfraksjes op it Hearrenfean makket har earnstige soargen oer de feiligens fan Thialf. Under de flieren fan it iisstadion is 12.000 liter giftich ammoniak opslein. Troch de nije 400-meterbaan is dizze foarrie net mear nedich.

Riedsleden wolle dat de boel sa gau mooglik ôffierd wurdt. Thialf hat dêr no gjin jild foar. Riedslid Witteveen freget him ôf oft it wol feilich is om feesten as Qlimax yn Thialf te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)