H'fean yn einfaze nei lykspul

21 jul 2007 - 22:30
  • Byld fan de oefenwedstriid tsjin Sivasspor

Sportklub Hearrenfean hat yn in oefenwedstriid mei 3-3 lykspile tsjin de nûmer sân fan Turkije, Sivasspor. Lang like it der op dat de Turken winne soene. Ald-Hearrenfeanspiler Ivan Cvetkov makke de earste twa goals. Troch Balili waard it sels 0-3.

Oant de 80e minút kaam Hearrenfean der net oan te pas. Roy Beerens makke út in moaie kombinaasje 1-3. Geert-Arend Roorda makke mei in pegel de 2-3. Garcia Garcia makke prachtich de 3-3.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)