H'fean wol troch mei Roorda

13 maaie 2011 - 12:29

SC Hearrenfean wol langer troch mei Geert Arend Roorda (23). Dat seit technysk direkteur Johan Hansma op de webside fan de klup. Roorda spilet op dit stuit op hierbasis foar Excelsior.

Neffens Hansma is de middenfjilder yn de winterstop oan Excelsior ferhierd om better te wurden. En dat is goed slagge. De klup wol no graach langer mei him troch. Petearen hjiroer moatte noch plak fine. Syn hjoeddeiske kontrakt rint oant 2012. Roorda sels seit dat hy noch fan neat wyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)