H'fean wint thús fan Willem II

14 apr 2013 - 13:20
  • SC Hearrenfean wint fan Willem II
  • SC Hearrenfean wint fan Willem II
  • SC Hearrenfean wint fan Willem II

SC Hearrenfean hat sneintemiddei yn it eigen Abe Lenstra stadion mei 3-2 wûn fan Willem II. Yn de earste helte wiene der oan Fryske side in soad flaters yn de ferdigening. Yn de 12e minuut kaam de stân op 0-1 troch in doelpunt fan Ricardo Ippel. Yn de twadde helte spile Hearrenfean mei folle mear driging nei foarren. Yassine El Chanassy makke de wichtige lykmakker. Hy stie ek oan de basis fan it twadde Hearrenfean doelpunt. Finnbogason makke it ôf: 2-1. Yn de 80e minuut wurdt it noch 2-2, mar troch in penalty set Finnbogason de einstân op 3-2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)