H'fean wint noardlike derby

21 okt 2012 - 16:22

SC Hearrenfean hat snein de slach om it Noarden mei 3-0 wûn fan Grins. Foar it skoft wie de bêste kâns foar Alfred Finnbogason. Grins wie ek tichtby de 1-0, mar keeper Kristoffer Nordfeldt koe de ynset fan Kees Kwakman krekt keare.

Nei it skoft krige Rajiv van La Parra it publyk nei in goed oere spyljen op 'e banken. Fanút in foarset fan Daniël de Ridder tikke er de 1-0 binnen. Alfred Finnbogason makke fan 11 meter de 2-0, nei in oertreding fan Grins-keeper Luciano op De Ridder. Mei syn twadde treffer tekene Van La Parra foar de einstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)