H'fean troch oerwinning fyfde

13 des 2008 - 23:02
  • Roy Beerens

Sportklub Hearrenfean is troch in deeglike 2-0 oerwinning op De Graafschap opklommen nei it fyfde plak. Hearrenfean wie hiel effisjint mei de kânsen dy't it krige. Nei 14 minuten makke Roy Beerens út in moaie counter de earste goal. Beerens makke gau dêrnei yn de 23e minút ek de twadde goal mei in knap skot yn de koarte hoeke.

De Graafschap krige wol kânsen, mar wie machteleas. Hearrenfean is no fyfde mei 26 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)