H'fean treft Ajax foar beker

28 sep 2007 - 06:04

Sc Hearrenfean hat Ajax lotte yn de tredde omloop fan de KNVB-beker. De wedstryd wurdt spile yn Amsterdam. De beloften fan SC Hearrenfean spylje út tsjin ADO Den Haach. De beloften ferlearen de wedstryd tsjin PSV, mar om't dy in spiler opsteld hie dy't eins skorst wie waard PSV út de beker set.

Sc Cambuur, dat juster ferrassend AZ útskeakele, komt yn eigen hûs út tsjin earedivisionist Excelsior.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)