H'fean stiet garant foar A7

18 des 2009 - 20:47

Minsken kinne as it oan de gemeenterie fan Hearrenfean leit ek takom jier noch terjochte by it Sintrum foar de Keunsten A7.

It sintrum is fallyt gongen en de kurator jout allinnich tastimming om ek takom jier troch te draaien as de fjouwer belutsen gemeenten garandearje dat sy stean foar de kosten oer it earste heal jier. De rie fan it Hearrenfean soe hjir al earder oer stimme, mar troch it minne waar koe dat freed oan de ein fan de middei pas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)