H'fean pakt skoalfersom oan

03 jun 2011 - 10:45

De gemeente Hearrenfean wol tenei sa folle mooglik foarkomme dat bern weibliuwe fan skoalle. No lizze learplichtamtners foaral boetes op as bern net nei skoalle geane, tenei moat derfoar soarge wurde dat dat foarkaam wurdt. Learplichtamtners sille dêrfoar gearwurkje mei oare organisaasjes, lykas de sintra foar jeugd en gesin.

De kennis dy't mei dy nije oanpak op It Hearrenfean opdien wurdt, wurdt nei alle gedachten letter ek ynfierd yn de regio deromhinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)