H'fean oefenet tsjin Piraeus

06 jun 2013 - 13:58
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

SC Hearrenfean hat it oefenprogramma foar takom seizoen rûn. Mei de namme fan Olympiakos Piraeus is de lêste tsjinstanner bekend. Op sneon 27 july treffe beide ploegen elkoar yn it Abe Lenstra stadion. Yn 2000 troffen beide ploegen elkoar alris yn it ramt fan de Champions League.

De ploech fan Marco van Basten nimt it yn de tarieding op it nije seizoen ek op tsjin ûnder oare it Belgyske Leuven en AA Gent. De earste training is op 24 juny.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)