H'fean: net 2 mar 3 fertochten

05 aug 2013 - 15:54
  • By De Heide stiene ferskate ME-buskes

De twa Roemeenske fertochten dy't dit wykein nei in grutte klopjacht op It Hearrenfean oanhâlden waarden, hiene noch in maat by harren. Dat hawwe se tsjin de plysje ferklearre. De plysje gie dêr al fan út, omdat der mear bloed yn de auto fûn waard as mei de ferwûnings fan de ferwûne fertochte te ferklearjen is. De plysje beskikt oer ynformaasje dat de fertochte net mear yn de buert is.

Omdat de man nei alle gedachten swiere ferwûnings hat, hat er him mooglik by in sikehûs melden. De plysje hopet dat minsken dy't mear witte, har gau melde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)