H'fean: Knock-out faze tichtby

04 nov 2009 - 21:21
  • Trainer Jan de Jonge

SC Hearrenfean spilet tongersdeitejûn om sân oere de belangrike wedstriid tsjin Hertha BSC. Dat is de fjirde wedstriid yn de pûlfaze fan de Europa League. Yn de kompetysje giet it dan miskien net al te florissant, yn de Europa League stiet Hearrenfean op it twadde plak achter Sporting Lissabon.

De earste twa ploegen geane troch nei de knock-out faze. By winst op Hertha BSC komt dat hiel tichtby. Mar trainer Jan de Jonge tinkt dat it in drege wedstriid wurde sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)