H'fean keapet nije oanfaller

01 sep 2009 - 15:06
  • Oussama Assaidi (foto: Omrop Gelderlân)

Fuotbalklup Hearrenfean hat krekt foar it ferstriken fan de transferperioade noch in nije spiler oanlutsen. It giet op Oussama Assaidi fan De Graafschap. De 21-jierrige oanfaller kin achter de spitsen yn de oanfal út de fuotten. Assaidi makke dit seizoen al fiif doelpunten foar De Graafschap.

Jan de Jonge, de nije ynterim trainer by Hearrenfean, ken him noch út syn perioade as trainer fan De Graafschap. Assaidi moat noch in medyske keuring ûndergean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)