'H'fean jaget op Wanderson'

07 nov 2009 - 11:50
  • Wanderson yn aksje foar syn hjoeddeiske klub GAIS

Neffens de Sweedske website fotbollskanalen is Sportklup Hearrenfean de belangrykste kandidaat om de spits Wanderson do Carmo oan te lûken. De 23-jierrige Braziliaan moat twa miljoen euro kostje, mar neffens saakwaarnimmer Oliver Cabrera fan Wanderson soe Hearrenfean dat graach oer hawwe foar wat fotbollskanalen 'de nije Alves' neamt.

Wanderson spilet no by GAIS Göteborg yn Sweden. It ôfrûne seizoen skoarde hy achttjin kear foar dy klup.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)