H'fean: Ingelske dieven oppakt

25 jun 2010 - 10:02

De plysje op It Hearrenfean hat tongersdei oan de ein fan 'e middei fjouwer man oanholden foar stellerij út in tankstasjon oan de Haskerútgong. In tsjûge seach dat de manlju allerhande guod meinamen sûnder te beteljen. De tsjûge belle dêrop it alaarmnûmer.

Oan de hân fan in goed sinjalemint koe de plysje de fertochten, dy't út Ingelân kamen, oanhâlde yn de Wulpstrjitte op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)