H'fean hat selde doelstelling

28 jul 2009 - 19:26
  • Wer in huldiging fan SC Heerenveen yn 2009/2010?

Sportklup Hearrenfean hat de doelstelling yn ferliking mei ferline jier net feroare. De klup wol by de earste fjouwer einigje en de groepsfaze yn de Europe League helje. Dat hat direkteur Yme Kuiper tiisdei bekend makke by de jierliks parsedei foar it begjin fan it seizoen.

Kuiper makke fierder bekend dat de klup yn de maitiid fan 2010 begjinne wol mei de ferbouwing fan it stadion oan de westkant. Dy ferbouwing kostet sa'n 20 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)