H'fean-Hark Boys: 25 oktober

26 sep 2011 - 16:57
  • Ferline wike: bliidskip by de lotting, it wurdt SC Hearrenfean (foto: Omrop Fryslân)

De wedstriid yn de tredde ronde fan de KNVB beker tusken SC Hearrenfean en Harkemase Boys is definityf fêststeld op tiisdei 25 oktober. Dat is moandei troch de KNVB bekend makke. De wedstriid wurdt spile yn it Abe Lenstra stadion en begjint om 20.00 oere.

Harkemase Boys skeakele yn de twadde ronde it swier favorite Willem II út nei ferlinging. SC Hearrenfean wie te sterk foar VVV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)