H'fean ferliest spektakelstik

28 okt 2012 - 16:38
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

SC Hearrenfean hat snein mei 6-3 ferlern fan Heracles. Hearrenfean begong bêst yn Almelo mei in rappe goal fan Filip Djuricic. Heracles kaam op likense hichte troch in lob fan Gouriye. Yn ekstra tiid wie it âld-Hearrenfeanspits Armenteros dy't Heracles op foarsprong sette.

Nei it skoft krige it publyk in wier spektakelstik te sjen. Heracles rûn út nei in komfortabele 4-1 foarsprong, wêrnei't der om bar skoard waard. Finnbogason soarge mei twa treffers foar de trije Fryske doelpunten. Utblinker by Heracles wie Gouriye mei trije goals.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)