H'fean ferliest nei penalty's

19 des 2012 - 23:58
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

SC Hearrenfean hat lang om let wer ris wat sjen litten, mar ferlear wol nei ferlinging en penalty's fan Feyenoord yn de achtste finale om de KNVB beker. De knokkende thúsploech moast twa kear yn de reguliere tiid in efterstân goedmeitsje. Pelle sette de Rotterdammers yn de 28e minút op foarsprong. It spektakel begûn nei de lykmakker fan Jeffrey Gouweleeuw yn de twadde helte. Lex Immers makke de 1-2 en yn de ekstra tiid wie Filip Djuricic goed foar de 2-2. Dy stân stie der noch nei de ferlinging. Nei 20 strafskoppen wie Feyenoord de winner.

De krapoan 19000 taskôgers seagen dat de strafskoppen by thúsploech Hearrenfean net fersulvere waarden troch Alfred Finnbogason, Lukas Marecek, Christian Kum en Kenny Otigba. Filip Djuricic, Pele van Anholt, Sven Kums, Daniël de Ridder, Arnold Kruiswijk en Rajiv van La Parra diene it wol goed. Hearrenfean-keeper Kristoffer Nordfeldt kearde de penalty's fan Lex Immers, Jean-Paul Boëtius en Bruno Martins Indi. De beslissende tsiende Feyenoord-pennel waard fersulvere troch âld-Hearrenfeanspiler Daryl Janmaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)