H'fean ferliest kolderyk duel

03 des 2006 - 16:30

Sportklub Hearrenfean hat mei 4-3 ferlern fan Feyenoord. Yn 'e earste helte makke Alves mei syn fyftjinde goal de 0-1, mar krekt foar rêst waard it gelyk troch Huysegems. Dy makke ek de 2-1, en koart dêrnei makke Lucius út in penalty 3-1.

Troch twa goals fan ynfaller Friend waard it wer gelyk. De Guzman makke úteinlik seis minuten foar tiid 4-3. Hearrenfean stiet noch sande mei 23 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)