H'fean ferliest fan Utrecht

19 apr 2009 - 16:36
  • Paulo Henrique (foto: Martin de Jong)

SC Hearrenfean ferlear snein mei 2-1 fan FC Utrecht. Beide ploegen krigen in soad kânsen. Hearrenfean kaam yn de tredde minút fan de earste helte op in 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Paulo Henrique. Fjouwer minuten letter wie it al wer 1-1 troch Silberbauer.

Yn de twadde helte helle ynfaller Daryl Janmaat in spiler fan Utrecht ûnderút yn it strafskopgebiet. Janmaat waard fan it fjild stjoerd en Gregor van Dijk makke gjin flater en skoarde de 2-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)