H'fean ferliest fan Utrecht

16 maaie 2013 - 23:33
  • Hakim Ziyech
  • Jeffrey Gouweleeuw

It wurdt foar SC Hearrenfean in toer om Europeesk fuotbal te heljen. De earste wedstriid yn de play-offs om in startbewiis foar de Europa League tsjin FC Utrecht waard mei 1-0 ferlern. Yn it Abe Lenstra stadion wie de earste grutte kâns foar Ramon Zomer. Dêrnei wie der foar de taskôgers net al tefolle mear oan. Beide ploegen doarden te min de oanfal te sykjen. Cedric van der Gun kopte Utrecht yn de 69e minút moai op foarsprong. De thúsploech krige noch kânsen fia De Roon (peal), Marecek en Van La Parra. Snein is de twadde wedstriid yn Utrecht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)