H'fean ferliest fan Mallorca

24 jul 2011 - 12:44

SC Hearrenfean hat de ien nei lêste oefenwedstriid tsjin Real Mallorca mei 2-0 ferlern. Yn de 14e minút soarge âld-Feyenoordspiler Jonathan de Guzman foar de iepeningstreffer. Syn frije traap einige fia de binnenkant fan de peal achter Brian Vandenbussche. Binnen it heal oere makke Michael Pereira der 2-0 fan mei in skot fan ôfstân.

Hearrenfean koe dêr oanfallend net in soad tsjinoer stelle. By Mallorca die Gianni Zuiverloon de twadde helte mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)