H'fean ferliest fan Hoffenheim

12 jan 2013 - 13:45
  • Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje

SC Hearrenfean hat freed de oefenwedstriid tsjin it Dútske Hoffenheim mei 3-1 ferlern. Yn it Portugese Ferreiras kaam de ploech fan trainer Marco van Basten nei 18 minuten op foarsprong troch in moaie treffer fan Rajiv van la Parra. Foar rêst sloech de nûmer 16 fan de Bundesliga lykwols twa kear ta, wêrtroch Hearrenfean mei in 2-1 efterstân de klaaihokken opsocht.

Yn ôfwêzigens fan topskoarder Alfred Finnbogason wist Hearrenfean yn de twadde helte net ta skoaren te kommen. Krekt foar it einsinjaal tekene Hoffenheim foar de einstân.

SC Hearrenfean komt sneon nei in trainingskamp fan in wike werom nei Fryslân. Sneon 19 jannewaris stiet de earste kompetysjewedstriid fan 2013 op it program. Dan komt de ploech fan trainer Marco van Basten thús yn aksje tsjin Heracles Almelo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)