H'fean ferliest fan Bayern

09 maaie 2008 - 22:27
  • Hearrenfean ferliest fan Bayern (foto: Martin de Jong)

Sa'n 8000 taskôgers seagen freedtejûn yn it Abe Lenstra Stadion hoe't de B-junioaren fan Bayern München wûnen fan sportklub Hearrenfean op it Eurofuotbaltoernoai. Bayern München wie krekt wat tûker en wûn nei twa kear 25 minuten mei 1-0.

It Eurovoetbaltoernooi wie oars altyd foar A-junioaren, mar no wie it foar it earst foar de B's. By de A-junioaren wie it de lêste tiid dreech om topklubs yn dy leeftydsklasse nei Nederlân te krijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)