H'fean en AZ prate oer Alves

31 aug 2007 - 15:57
  • Afonso Alves wie freedtemiddei wer net op de training (foto Martin de Jong)

Sportklub Hearrenfean en AZ Alkmaar binne op dit stuit yn Monaco yn ûnderhanneling oer Afonso Alves. De Braziliaan hat freedtemoarn syn fuotbalskuon ophelle út it Abe Lenstra-stadion en kaam freedtemiddei wer net op 'e training.

De kâns wurdt dêrmei hieltyd grutter dat Alves Hearrenfean ferlitte sil. De transferdeadline is freedtenacht om 24.00 oere. Ferline wike freon bleau Alves ek al fuort fan 'e training.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)