H'fean: ChristenUnie sit derby

15 nov 2013 - 11:43

Yn de gemeente Hearrenfean hat de ChristenUnie net ien, mar twa sitten krigen troch de listferbining mei it CDA. Sûnder dy listferbining wie de sit nei de PvdA gien en hie dy partij njoggen yn stee fan acht hân. Dat waard freed bekend by de presintaasje fan de definitive útslach fan de gemeenteriedsferkiezings. Opfallend is boppedat dat it CDA en Gemeentebelangen likefolle stimmen krigen hawwe: 2455.

De PvdA is mei 4890 stimmen fierwei de grutste partij yn 'e gemeente Hearrenfean. Sy komme dus mei acht persoanen yn de gemeenteried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)