H'fean begjint tsjin Willem II

25 jun 2007 - 17:51

Sportclub Hearrenfean iepenet it nije fuotbalseizoen op 17 augustus mei in thúswedstriid tsjin Willem II. In goed wike letter op snein 26 augustus stiet de earste topper op it program: út tsjin Ajax. It program is noch net hielendal definityf. De ferwachting is dat it definitive earedivyzjeskema ein dizze wike bekendmakke wurdt.

Earder kaam nei bûten dat Hearrenfean begjinne soe mei in wedstiid tsjin Feijenoord. Dat is net it gefal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)