Hetty Hafkamp boargemaster

23 jan 2008 - 12:12
  • Hetty Hafkamp: nei Bergen

Ald-wethâlder Hetty Hafkamp fan Ljouwert wurdt de nije boargemaster fan Bergen yn Noard-Hollân. Dat hat de gemeenteried dêr tiisdeitejûn unanym besletten. Bergen is in gemeente mei hast 32.000 ynwenners.

De ried fynt dat de Hafkamp(54) goed yn it profyl past. Se hat diedkrêft om saken foar elkoar te krijen en is in goeie netwurker, sa tinkt de ried fan Bergen. Hafkamp wie 7 jier wethâlder fan Ljouwert foar PAL/GrienLinks.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)