Hessel foar Hessel útferkocht

06 mrt 2005 - 12:09

It benefytkonsert fan sjonger Hessel van der Kooij foar de slim syke Hessel Tros út Ryptsjerk is útferkocht. De sjongende kroegbaas fan Skylge sil op 19 maart foar 4200 minsken optrede yn de iishockeyhal fan Thialf.

De organisaasje fan it benefytkonsert wol minimaal 140.000 euro ophelje. Dat jild is bedoeld foar wittenskiplik ûndersyk nei de dealike sykte Aicardi-Goutières dy't Hessel Tros hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)