Hertslach autorider falt fuort

08 okt 2008 - 10:24

In 88-jierrige autobestjoerder is tiisdei oan de Pier_Panderstrjitte yn Ljouwert mei syn auto tsjin in garaazje oanriden. De man wie net goed wurden en by kontrôle die bliken dat er ek gjin hertslach mear hie.

De plysjeminsken hawwe de man fuortendaliks reanimearre en de minsken fan de ambulânse binne dêr fierder mei gien. It slagge om de hertslach werom te bringen en dêrnei is de man nei it sikehús brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)