Hertpasjinten net nei sikehûs

04 feb 2008 - 16:58

As kardiologen en húsdokters yntinsyf oparbeidzje hoege de measte hertpasjinten net trochferwiisd te wurden nei it sikehûs. Dit docht bliken út de evaluaasje fan in proef fan it Antonius Sikehûs yn Snits mei fiif húsdokterpraktiken.

De kardiologen en húsdokters dogge meiïnoar sprekoere. Hjirtroch koene 81 fan 'e 100 hertpasjinten al by de húsdokter holpen wurde. Oars hie 95 % fan harren nei it sikehûs moatten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)