Hertha BSC fans oppakt

05 nov 2009 - 22:28

Foarôfgeand oan de Europe League wedstriid tusken SC Hearrenfean en Hertha BSC hat de plysje fjouwer Dútske supporters oppakt. Boppedat hat de ME yn it sintrum fan It Hearrenfean ferskate sjarzjes útfierd.

De wedstriid ferrûn fierder sûnder al tefolle ûngeregeldheden, al is it útfak wol bot skansearre. Sa'n 800 Hertha supporters hiene de reis nei Fryslân makke. Sy seagen harren favoriten yn blessueretiid de winst pakken tsjin SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)