Herten:Van Dieren betellet net

19 des 2009 - 11:43
  • Ien fan 'e Skylger edelherten (foto: argyf Omrop Fryslân)

Geert van Dieren, dy't in jier lyn tsien edelherten nei Skylge helle hat, moat foar it ôfsjitten fan de bisten in heale ton skeafergoeding betelje.

It bedrach moat foar 1 jannewaris oan it ministearje fan lânbou oermakke wêze. Van Dieren wegeret lykwols en sil de saak foar de rjochtbank útfjochtsje. De eigner fan camping De Appelhof hat der gjin spyt fan dat hy de herten nei Skylge helle hat, ek al rinne de kosten yn de papieren. De lêste herten soene ôfsketten wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)