Herten ûntsnapt út bistekamp

17 sep 2007 - 15:18
  • dit hert sit noch binnen de omheining

Ut it hertekamp oan it Mûnein yn Drachten binne moandei seis herten ûntsnapt. Fjouwer koenen koarte tiid letter yn de buert fan it kamp fongen wurde. Foar twa oaren moast in ferdôvingsgewear ynset wurde. Dy twa wienen nei it sintrum rûn. Neidat de twa ferdôve wienen, binne se troch de diere-ambulânse werombrocht nei it kamp. De herten binne nei alle gedachten ûntsnapt troch in gat yn it stek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)