Herten deasjitte iennige kar

10 feb 2009 - 16:38

Der is gjin alternatyf mear foar de herten op Skylge. Dat antwurd krige Twadde Keamerlid Marianne_Thieme fan de Partij voor de Dieren fan ´e middei fan minister Piet_Hein_Donner dy´t de minister fan Lânbou ferfangt.

Donner seit dat no't it mislearret de bisten te fangen, der gjin oare oplossing is as de bisten dea te sjitten. Ek de fraksjes fan Grien_Links en de Partij voor de Vrijheid binne it net iens mei it beslút de keppel út te roeien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)