Herten deariden op Wâldwei

17 jan 2008 - 10:05
  • Tsien herten wiene útnaaid út in kamp by boer Andries de Jong

Op de Wâldwei by De Rottefalle binne woansdeitejûn fiif herten deariden. Tsien herten wiene útnaaid út in kamp by boer Andries de Jong. De plysje hat besocht de herten safolle mooglik by de dyk wei te jeien.

Neffens De Jong hawwe de herten nei alle gedachten sels it stek fernield. Der binne wolris earder herten fan him ûntkaam, mar noch nea earder wiene de gefolgen sa slim. De fiif herten dy't it oerlibbe hawwe, rinne noch frij om.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)