Hertejacht Skylge wer iepen

20 nov 2009 - 14:42
  • Herten hearre eins net thús op Skylge, fynt it ministearje fan LNV

Der mei wer jage wurde op de herten op Skylge. It ministearje fan LNV hat in ûntheffing jûn foar it nije jachtseizoen. Heal maart waard de jacht stillein omdat it te drok waard op it eilân om feilich te jeien.

Op dit stuit rinne der noch trije herten om: twa folwoeksenen en ien jong. Ferline jier binne mei-inoar tsien herten op it eilân útset. De ûntheffing dy't no ôfjûn is troch it ministearje jildt net allinnich foar de herten, mar ek foar oare bisten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)