Hertebok noch altyd spoarleas

07 sep 2007 - 13:51

De hertebok dy't twa wiken lyn ûntsnapte by in fokkerij by Frjentsjer is noch altiten net fûn. It hert ûntkaam mei in keppel oaren troch oer in stek te springen. De measte oaren binne yntusken wer fongen. Ien hert en de bok binne noch net pakt.

De bok wurdt wol sinjalearre, by Wier by Berltsum. De eigner wol him graach werom ha, omdat it bist needsaaklik is foar de fokkerij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)