Hertdefibrilator sporthallen

28 aug 2007 - 11:42

De sporthallen fan Bûtenpost, De Harkema en Surhústerfean hawwe in hertdefibrilator krige. Dat is in apparaat om elektroshocks ta te tsjinjen by minsken dy't in hertstilstân hawwe. In defibrillator ferheget de oerlibbingskâns mei santich persint.

De sporthalbehearders krije in kursus om it apparaat te betsjinjen. Yn it gemeentehûs fan Achtkarspelen is ek in hertdefibrilator.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)