Herstel lânskip Opsterlân

29 jun 2008 - 09:24

De gemeente Opsterlân begjint fan 't hjerst mei it herstellen fan âlde eleminten yn it lânskip. It giet dan ûnder oare om houtwâlen, wetterpuollen en singels. Opsterlân wol sa syn karakteristike lânskip behâlde.

Twa jier ferlyn waarden safolle eleminten foar herstel oanmeld dat der net genôch jild wie om alles oan te pakken. Dat kin no wol, omdat de gemeenterie der ekstra jild foar oer hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)