Herstel Halbertsmafilla klear

02 nov 2007 - 20:50

It opknappen fan de Halbertsmafilla yn Grou is klear. It herstel fan de filla hat lang op him wachtsje litten. It hûs wie dêrtroch yn in hiele minne steat. De filla hat ûnder oare in nij dak krigen. Ek is der in stik oanboud. It opknappen hat in miljoen euro koste.

It jild komt fan wenningkorporaasje Welkom, dy't in wenwinkel yn de filla begjint. Ek oare organisaasjes en bedriuwen krije dêr in plakje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)