Herstel foar Schuil/Nummerdor

31 aug 2007 - 18:59

De beachvolleyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor hawwe harren hersteld fan it ferlies yn de twadde ronde op in toernoai yn St. Petersburg. Fia de herkânsings sloegen se harsels dochs fierder yn it toernoai. Se wûnen ûnder oare fan it duo Doppler en Gartmayer (21-15, 21-17), dêr't se ferline wike noch fan ferlearen yn de finale fan it Europeesk kampioenskip.

Schuil en Nummerdor einigje no yn alle gefallen op it sânde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)