Herstel dunen Skiermûntseach

23 jan 2011 - 08:43

Natuurmonumenten is begûn mei it herstellen fan it iepen karakter fan de dunen fan Skiermûntseach. Earder waarden dy dunen beplante mei helmgers en waarden der tûken op lein om ferstowing tsjin te gean. It gers en de tûken binne lykwols sa útgroeid dat oare beplanting net mear oan bod komt.

Troch stikken beplanting fuort te heljen hopet Natuurmomumenten de oarspronklike planten wer in kâns te jaan. De hoop is ek dat sa bysûndere bisten weromkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)