Herstel dobben Stellingwerven

30 jun 2006 - 09:35

Lânskipsbehear Fryslân sil de kommende tiid yn 'e gemeenten East- en Weststellingwerf oan 'e gong mei it herstellen fan dobben. Dy saneamde lytse markes en fennen sille werombrocht wurde yn goeie steat.

Dobben binne wichtich foar bisten. Se lizze benammen op partikulier terrein ticht by natoergebieten. De eigners fan 'e terreinen wurde yn 't foar benadere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)